Twangbefel
In fers is net witte en draai hokfoar nûmer,
mar tink net nei, en draai, en draai.En tinkst in stimme te hearen
fan witwêrwei, dy’t tsjin dy praat
yn dyn fan thús meikrigen wurden,
fan pûsters oer de bou, it grize waar,
en oer wat oars, dat neier komt mei de dei,
lit dan yn ‘e dagen dêrnei nimmen by dy
oankomme mei desimber syn befel:om frede te sluten, hommels en sûnder ferdrach,
mei de raffellegers fan de nacht.Lis dyn wapens net del.
Sis datst hast fjirtich bist, en tjirgje dy út
mei was sich liebt, das neckt sich:
sa as jûn syn wanhopige strûptochten
yn útwenne wenten, oan bochtige spoaren,
de fegen rea oan de noarderloft
skaadzjend oer it waad as de fioelen yn nûmer fjouwer
fan Vier Letzte Lieder.Hâld de hoarn tichtby it ear dizze winter.
Hear it tút-tút-tút fan de line:
in rekken net betelle.In fers is gjin frede yn ‘e nacht,
mar draai, en draai, en fyn ûnwennich, ûnferwacht
in sliep oars as fan dy’t djip sliepe:
in sliep mei ien ear iepen,
wach op in geroft dat kjel makket
yn it tinmuorrich goedkeap hotel.Abe de Vries, út: In waarm wek altyd
Lees mijn recensie van de bundel hier
[x]#1479 fan woensdag 19 oktober 2005 @ 22:36:17