“De Fryske skriuwer hâldt net fan diskusje…”
It soe wolris sa wêze kinne dat men yn it Frysk earder in boek útjûn krijt as yn it Hollânsk, omdat by de útjeften fan Fryske ûnwillekeurich it taalbefoarderings- aspekt gewicht yn ‘e skaal leit. Omdat dat elemint fan ‘sieligens’ derút te heljen, meie om my de literêre kritearia foar literêre útjeften in moai ein opskroefd wurde. It hjoeddeiske subsydzjesysteem fertroebelet net allinne it Frysk (literêre) medialânskip, mar wurket op ‘e lange termyn ek kontraproduktyf, as it om werklike kwaliteit giet.
Eeltsje Hettinga yn syn Nachtbraakboek fan 24 septimber
[x]#221 fan woensdag 25 september 2002 @ 23:17:47