Wat sjit men der mei op?
De psychiater hat ris tsjin my sein: al dy boeken dy ’t jo skreaun hawwe, dêr binne jo ek neat mei opsketten, wol? Ik tink dat er my út ‘e tint lokje woe, of faaks wie er wol nidich op my om ’t ik gjin belangstelling hie foar syn fak. Mar as ik de auto nei de garaazje bring, dan hingje ik ek net oer de moter mei allerhande suggestjes en fermoedens en ferklearringen. De monteur moat him der mar mei rêde en ik drink in kop kofje. Sa ek as ik myn psyche nei de psychiater bring, dan moat dy man him dêr mei rêde, dêr hat er foar trochleard en dêr wurdt er foar betelle.
Bin ik wat opsketten mei al dy boeken. No nee, eigentlik net. Wat ha je deroan dat je tsien titels op je namme ha? Ik haw in skoftlang dochs wol tige teloarsteld west yn ‘e literatuer, of leaver sein: myn bydrage ta de Fryske literatuer en de mjitte fan ‘e befrediging dy’t ik dêr yn fûn. […]
Trinus Riemersma, Wat sjit men der mei op?
[x]#185 fan woensdag 5 juni 2002 @ 12:45:00
lieuwe op 12 juni 2002 @ 19:51:28
Sin as ûnsin, that’s the question.